Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 11: Moai

LINKK 11: Moai

19 Oktober 2001

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer moai, wat is moai? Oan it wurd komme Miss Fryslân en in bodybuilder.

De Dyk Ut 14

De Dyk Ut 14

18 Augustus 1998

De Dyk Ut. Oflevering 14: Fan Kimswert nei Skuzum.

Sybe Satellyt 0706

Sybe Satellyt 0706

07 Maart 1997

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei Sake Roodbergen dy't by grutte bassins stiet fan de rioelwettersuvering yn Grou. Dêr sieten fan 't winter einen, smjunten en markels yn, mar no net mear. Hy fertelt oer it ljipaaisykjen en datst dêr in fergunning foar ha moatst en hy hat ek in neisoarchkaart. Rinse van der Kooij fan it wetterskip fertelt oer de wettersuvering. Ek praat Sybe mei Fred en Benne Glaassen dy't in Afrikaanske trommel ha.