Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_OERA_LINDA_BOEK_WR

It mystearje fan it Oera Linda Boek

05 Desimber 2004

It Oera Linda Boek kaam yn 1867 foar it ljocht. Cornelis over de Linden hie it al generaasjes lang yn de famylje. Yn in lestich te lêzen hânskrift -sabeare Aldfrysk- soe it ferhaal oer de skiednis fan de Friezen gean fan 2000-50 foar Kristus. Yn 1870 waard it oanbean oan it Friesch Genootschap. Guon leauden dat it echt wie, oaren leauden dat net. Histoarikus Goffe Jensma der ûndersyk nei en neffens him hat Francois Haverschmidt, dûmny yn Foudgum it skreaun, mei yn it komplot Over de Linden en argivaris/bibliotekaris Eelco Verwijs.

180706_SADWAANDE_OER_NIJBOU_31_03_1999_HEMPENS_SUDERBUREN.mp4

Sadwaande: Nijbou, de oanlis fan Zuiderburen

31 Maart 1999

Dizze Sadwaande giet oer nijbou. We sjogge by it nije plan Himpens-Tearns, dêr't oan de súdkant fan Ljouwert 1.750 nije wenten boud wurde sille. De wyk is letter bekend wurden as Zuiderburen. De wyk wurdt rom fan opset, mei grutte kavels, bosk en wetter. We prate mei in takomstich bewenner en útfierenden. Wethâlder Bearn Bilker leit út wat de fyzje is. Ek dupearren komme oan it wurd: twa boeren moatte lân ferkeapje foar de nijbou.

LTV_PHILIPS_011203_WR

Philips, de motor fan Drachten

01 Desimber 2003

Yn 1950 kaam it skearapparatefabryk fan Philips yn Drachten. Jierrenlang waarden alle ûnderdielen fan de Philishave dêr makke. No't de direksje besletten hat om in ûnderdiel (de motor) út Japan te heljen (it wurdt makke yn Sina), is der ûnrêst ûnder de wurknimmers. Neffens guon saakkundigen in logyske ekonomyske stap, neffens oaren it begjin fan de ein. Wurknimmers komme oan it wurd, direkteuren, heechleararen, it fakbûn en in âld-steatssiktaris en âld-minister. Der is ek in soad argyfmateriaal fan it wurk yn it fabryk.