Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: Wenje yn Fryslân 2

Linkk Ekstra: Wenje yn Fryslân 2

17 Novimber 2000

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel twa fan in searje oer wenjen. Jildou Hoitsma fertelt oer de struktuer fan in wenplak. Se lit de ferskillen sjen tusken de havenstêd Harns, dat in âlde stêd is, en it turfdoarp Nij Beets, dat in jonger plak is. Se praat mei Hugo ter Avest fan Museum Het Hannemahuis yn Harns en mei Fokke Veenstra fan museum It Damshûs yn Nij Beets. Fierder lit arsjitektuerkenner Peter Karstkarel sjen datst oan de bûtenkant fan de huzen sjen kinst yn watfoar perioade oft it hûs boud is.

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 3

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 3

22 Oktober 2001

Yn it sportprogramma Boppeslach folgje we it Dreamteam fan 'e Greiden, de fuotballerkes fan F3 fan Easterlittens. We sjogge by Jelmer de Jong, ien fan de spilers. Hy wennet yn Baard. We folgje him by de tarieding tsjin de belangrike wedstriid tsjin Frjentsjer.

LTV

Tryntsje Beimers, de Fryske mem Theresa

21 Septimber 2003

Ferpleechkundige Tryntsje Beimers fan Sint-Anne gie yn 1953 nei Tanzania om dêr it evangeelje te bringen. We sjogge by har no't se 81 jier is. Se hat hiel wat út de wei set yn Kilangala. Se hat bern opfongen, se kinne nei skoalle, jongeren leare allerhanne saken yn de wurkpleats en der is in weeshûs. Se krijt finansjele help út Fryslân en stipe fan famyljeleden.