Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ITDOARP_HIESLUM_270599

It Doarp: Hieslum

27 Maaie 1999

Portret fan it doarp Hieslum en syn 70 ynwenners. Ien dêrfan is Gatze Labordus, hy sammelet alles dêr't roazen op steane, fan diggelguod oant tekeningen. It doarp hat ek in boerecamping fan de famylje Heeres, in boatsjebetimmerer en in komponist. Alle jierren betinke se de omkommen bemanning fan in yn 1943 delstoarte Lancaster. It doarp hat in toanielferiening en in modelfleanklup.

UFO_WR

Reaklif: UFO's boppe De Gordyk

09 Novimber 2005

It ferhaal oer frjemde ljochten yn de loft boppe De Gordyk yn 1974. In tal ynwenners dy't it sjoen hat, tinkt dat de ljochten fan UFO's ôfkomstich binne.

Hjoed: Hûneshow 1 april 2002

Hjoed: Hûneshow 1 april 2002

01 April 2002

De ynternasjonale hûneshow lûkt hieltyd minder hûnen. Dit jier diene der 2100 hûnen mei, yn 1999 wiene dat der noch 2600. In lanlike tendins dy't ek yn Fryslân te fernimmen is. Nettsjinsteande it legere tal hûnen kamen der tûzenen minsken ôf op dizze 35e hûneshow yn it FEC yn Ljouwert. Dit jier mei in Fryske primeur: it "Doggy Dancing".