Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

MINSKEWURK_4_SKILDERS

Minskewurk 4: Skilders

16 Jannewaris 2001

We sjogge by ferskate minsken dy't skilderje. By it Koopmansfabryk yn Marrum meitsje se lateks, wat sit dêryn yn? En wat dogge hússkilders? Klaas de Graaf kin sa skilderje dat it liket oft it hout, marmer of goud is. We sjogge ek by twa keunstners yn har atelier, Ramon van der Werken en Dinie Boogaart, dêr't se oer har wize fan wurkjen fertelle. Ta beslút sjogge we by bern dy't in skilderkursus dogge by Parnas yn Ljouwert.

Om Utens: Lút Zylstra yn Tanzania diel 2

Om Utens: Lút Zylstra yn Tanzania diel 2

10 Febrewaris 1999

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Lút Zylstra út Koudum. Hy hat in projekt opsetten om de melkfeehâlderij fan de grûn te krijen yn Tanga, Tanzania. Yn diel twa fan dizze Om Utens sjogge we neist Lút Zylstra syn wurk ek hoe it is mei syn frou.

MG tefee mei Sybe Satellyt 16

MG tefee mei Sybe Satellyt 16

06 Maart 2003

MUB (Man út Burgum) en Gabe stjoere Sybe Satellyt ôflevering 16 út 1995 út op harren stjoerder MG Tefee. Pastoar Van der Wal fertelt oer karnaval. Boer Halbe Klijnstra fertelt oer syn wynmole en keunstner Ids Willemsma hat der ek wat oer te sizzen.