Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Geert! S01: Kompilaasje fan seizoen ien

Geert! S01: Kompilaasje fan seizoen ien

13 Maaie 2003

Geert van Tuinen wurdt 'oanklage' foar allerhanne saken dy't er yllegaal dien hat yn it earste seizoen fan it programma Geert! wêrby't er by tal fan Fryske doarpshuzen delgiet en mei tal fan nijsgjirrige gasten praat. Hy soe bygelyks flein ha sûnder brevet. Yn dizze kompilaasje komme de aardichste mominten nochris foarby en sjogge we achter de skermen en fansels binne der ek bloopers te sjen.

Wyn op Woansdei: Lauwerseach

Wyn op Woansdei: Lauwerseach

28 Maaie 2003

Programmamakker Albert Jensma sjocht by de fiskershaven fan Lauwerseach. Dy moat de kommende jierren de omslach meitsje fan fiskershaven nei toeriste-oard. Dat blykt út in rapport oer de takomst fan de haven fan Lauwerseach, want it giet net goed mei de fiskerij en de hannel deryn. Op de fiskôfslach wurdt hieltyd minder fisk oanfierd omdat de see leech rekket. De gruttere fiskersskippen komme hjir net omdat de fargeul te ûndjip is. Dan komt der noch by dat de thúsfloat fan in lytse 70 garnalekotters op dit stuit yn in flinke krisis sit.

De Dyk Ut 05

De Dyk Ut 05

14 July 1998

De Dyk Ut. Oflevering 5: Fan Nes fia Wierum nei Holwert