Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Stienhouwerij

Wurktiid TV: Stienhouwerij

06 Desimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de Koninklijke Steenklip BV yn Snits. De stienhouwerij is it âldste bedriuw yn Nederlân. Se binne spesjalisearre yn de persoanlike oanpak fan tinkstiennen. Direkteur J. Reitsma, âld-direkteur J. Reitsma en kompanjon T. Seinen fertelle oer it wurk. Ek is te sjen hoe't wurknimmers de natuerstien snije en bewurkje.

ABD-sjoo 0204

ABD-sjoo 0204

17 Desimber 2002

De ABD-sjoo is in kwisprogramma foar basisskoallen presintearre troch Jan Arendz. Yn dizze ôflevering nimt de Arjen Roeloffskoalle út Anjum it op tsjin De Jint út Stiens.

LTV_ANNO_1997_070997_WR

Anno 1997: Nije bestimming foar pleatsen

07 Septimber 1997

Pleatsen wienen jierrenlang byldbepalend yn it Fryske lânskip, funksjonele gebouwen mei romte foar fee en opslach. Lege pleatsen krije oare funksjes. By trije famyljes sjogge we dat it ek oars kin. Yn Harich wurdt in nije stâl boud, nei ûntwerp fan arsjitekt Jelle de Jong, fundearre op de filosofy fan de oarspronklike pleats. Yn Mantgum is de pleats restaurearre mei in sintraal plak foar hynders. Yn Lytse Geast hat arsjitekt Gunnar Daan in nij stik oan in wâldpleatske betocht.