Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0708

Sybe Satellyt 0708

16 Maaie 1997

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei Henk Nieuwenhuis fan it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer oer de komeet Hailbob. En mei ferteller Peter Vermaat. Ek sjocht er by de sloop fan huzen en praat er mei Gerlof Postma oer wêr't dat pún hinne giet.

LTV_FLYLAN1_DOKTERDEEN_FR_090602_WR

Dokter Deen op Flylân: dokter fan elkenien

09 Juny 2002

Dokter Deen is al 10 jier húsdokter op Flylân, mei syn frou Helga hat er de (apteekhâldende) praktyk. Hy is net inkeld dokter, mar ek feedokter, toskedokter, geriater, psycholooch, bedriuwsdokter, maatskiplik wurker en noch mear. Yn syn praktyk komt er alles tsjin, fan berte oant dea. We sjogge him oan it wurk op it sprekoere, as er fisites rydt, by de maneezje is, help ferlient, mar ek as koarlid en trou-amtner. Hy fertelt oer syn wurk en de foar- en neidielen op in eilân, dokter binne je altyd. Eins is der ferlet fan in twadde dokter op it eilân.

180717_SADWAANDE_OER_STUDINTEN_YN_LJOUWERT_04_10_2000.mp4

Sadwaande: Studinten

04 Oktober 2000

Dizze Sadwaande giet oer studinten yn Ljouwert, de stêd hat him de lêste tiid mear as studintestêd ûntwikkele. We sjogge hoe't Aafke Jongsma libbet as studint, se moat fral sunich libje want har âlden betelje neat foar har. We sjogge op de NHL en CHN en sjogge by de opliedingen ferpleechkunde en gasthearskip. Marga Waanders is adviseur kommunikaasje en fertelt oer Ljouwert as studintestêd. We sjogge ek by twa studinteferieningen yn Ljouwert, Io Vivat en Wolwêze. Prinses op learzens kin net mear pinne.