Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 3

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 3

22 Oktober 2001

Yn it sportprogramma Boppeslach folgje we it Dreamteam fan 'e Greiden, de fuotballerkes fan F3 fan Easterlittens. We sjogge by Jelmer de Jong, ien fan de spilers. Hy wennet yn Baard. We folgje him by de tarieding tsjin de belangrike wedstriid tsjin Frjentsjer.

HJOED_050296_RepoSolexrace

Soleksrace op iis op De Jouwer

05 Febrewaris 1994

Op de Jouster iisbaan is it WK soleksrace op iis. Tritich dielnimmers, lid fan de klup AOW (Altijd Onder Weg) dogge mei oan de wedstriid. Wille is belangriker as winne. It giet net sa hurd, want it iis is sa glêd dat de bestjoerders mei de fuotten remje moatte.

Wurktiid TV: Kringloopwinkel

Wurktiid TV: Kringloopwinkel

28 Septimber 1994

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de 'werbrûkwinkel', oftewol kringloopwinkel. Stie earder de frijwilliger sintraal, no moat it produkt sintraal stean. Boppedat moat saakliker wurke wurde. R. Botma, koördinator werkbrûkwinkel, T. Durkstra, meiwurker winkel en R. Gramsma fan Wurkympuls fertelle oer dizze ûntwikkeling.