Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_DRUGS_151296_WR

Fryslân Boppe: drugs

15 Desimber 1996

Fryslân Boppe is de namme fan in soart hasj. Yn de provinsje binne 30 coffeeshops, gemeenten wrakselje mei it belied fan tastean of net? Plysjes rôlje yllegale himpkwekerijen op. Brûkers en politisy komme oan it wurd, we sjogge by in foarljochtingsjûn fan de Verslavingszorg by de plattelânsfroulju en by in growshop.

No Wy: De anderen

No Wy: De anderen

10 Oktober 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering stiet in toanielfoarstelling sintraal, De anderen. It is in stik yn regy fan Gooitsen Eenling spile troch learlingen fan de Friese Poort. It giet oer de Twadde Wrâldoarloch en geweld. Piet Bleeker filme de foarstelling en in besite oan konsintraasjekamp Dachau. Hy lit boppedat sjen dat geweld ek hjoed-de-dei foarkomt, bygelyks tsjin homo's yn de trein. Ek komt in oerlibjende oan it wurd, C.C. Steensma.

Spegels: Danspaleis '98 en berneboekeskriuwers

Spegels: Danspaleis '98 en berneboekeskriuwers

17 Augustus 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering: trije dûnsprodusksjes yn Ljouwert en in portret oer berneboekeskriuwers Gerard Tonen en Dolf Verroen.