Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Fryslân 500 oer de bommelding

Hjoed: Fryslân 500 oer de bommelding

04 Juny 1998

Yn Hjoed fan 4 juny 1998 is it nijs dat in bommelding it histoarysk kongres fan Fryslân 500 fersteurde. De melding kaam by de koster fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Alle 250 dielnimmers moasten derút. Tal fan Fryske organisaasjes, lykas de FNP, binne it net iens mei Fryslân 500, mar feroardielje dizze aksje fan it Frysk Nasjonaal Befrijingsfront wol. Tsjinstanners fan it feest wolle in stille tocht organisearje.

Van Tuinen Thús by Arie Ribbens

Van Tuinen Thús by Arie Ribbens

18 July 2001

Thús by folkssjonger Arie Ribbens yn Beetstersweach, bekend fan û.o. 'Brabantse Nachten Zijn Lang'.

Baas Boppe Baas 0203: Moraalridders

Baas Boppe Baas 0203: Moraalridders

11 Novimber 2002

Dramasearje oer de famylje Baas mei Beant Baas, Joukje Baas, Sjoerd Baas, Talieta, Cynthia Baas, Afke Baas en Bennie. Hoe fier kinst gean, as it om leafde giet? Beant ûntdekt dat de troude barfrou tutet mei in oare man. Wat moat hy dwaan?