Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

OEROL_1998_REPO

Reportaazjes Oerol 1998

12 Juny 1998

Reportaazjes út de programma's Hjoed en Boppedat oer it festival Oerol 1998 op Skylge. 12/6: Lange wachttiden foar in plakje op de boat nei Skylge. 15/6: In ympresje fan de foarstellings 'Sevenup' fan Suver Nuver en Growing up in public, 'Onder delos' fan de Muzen en 'Zeeruis' fan theater Bleue. 17/6: In ympresje fan de minsken achter de skermen dy't foar de organisaasje fan Oerol soargje. 19/6: Oerol makket in grutte groei troch. De wachtrijen foar de kaartferkeap nimme ta. 22/6: Tûzenen taskôgers by it slotspektakel fan de Frânske fjoerwurkgroep Ephemere.

LTV_IN_YID_YN_FRYSLAN_070500_WR

In Yid yn Fryslân, in Fries yn Israel

07 Maaie 2000

We sjogge by de Joadske mienskip yn Ljouwert, fiering fan Pesach en Poerimfeest. En hearre fan Benno Troostwijk oer de skiednis, fan de Joadske skoalle en synagoge. Ies de Vries emigrearre út Fryslân nei Israel en fertelt oer syn libben dêr, as Joad fielt er him dêr thús. Ek sjogge we by in Joadsk begraafplak by Teakesyl en wat der oan argyf te finen is by it Ryksargyf en sjogge we by izerhannel Cohen, oprjochte yn 1868. Skriuwer Rink van der Velde fertelt oer syn tiid yn de kibboets. Syn dochter Wytske wennet dêr no.