Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

'Mingde Gefoelens' fan Doede Bleeker

'Mingde Gefoelens' fan Doede Bleeker

18 Maart 1997

De sjongende fiskboer Doede Bleeker fan Starum lit him op syn nije cd, Mingde Gefoelens, fan syn gefoelige kant sjen. Hy wol fan syn 'misthoarn-imago' ôf.

Van Tuinen Thús by Rients Gratama en Carla van der Heide

Van Tuinen Thús by Rients Gratama en Carla van der Heide

19 Septimber 2001

Thús by Rients Gratama en Carla van der Heide yn Akkrum, kabaretier en byldzjend keunstneresse.

LTV_FEIKE_BOSCHMA_141199_WR

Dûnsjend mei syn skaad: poppespiler Feike Boschma

14 Novimber 1999

Poppespiler Feike Boschma fertelt oer syn wurk. In doaze mei lapen op souder wie it begjin fan syn fassinaasje foar poppen. Mei minimale middels wit er in soad te sizzen, op in keunstsinnige wize en dat hege nivo hat er al 50 jier. We sjogge him oan it wurk en by de opbou nei in foarstelling. Ek oare poppespilers komme oan it wurd.