Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op woansdei: Iel

Wyn op woansdei: Iel

16 Oktober 2002

Programmamakker Albert Jensma dûkt yn de wrâld fan de iel. Yn 'Hoera, de iel rint', docht er in speurtocht nei dat mysterieuze langwerpige lekkers, dat sûnt ferline jier op de reade list fan bedrige diersoarten stiet. De fraach is oft de leafhawwers fan rikke iel harren soargen meitsje moatte. Oan it Fryske kampioenskip ielrikjen diene dit jier mar leafst 79 hobby-rikkers mei en guon fan harren koene allinnich mar oan kweekiel komme. In reis by in stikmannich ielkenners del stimt Albert Jensma hoopfol foar de takomst.

Sybe Satellyt 0107

Sybe Satellyt 0107

07 Maaie 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by it ôfbrekken fan âld-suvelfabryk Freia yn Feanwâlden. It fabryk wurdt nij opboud yn it iepenloftmuseum yn Arnhem. Ek sjocht er by de bern fan De Wikel yn Burgum dy't proefkes dogge en sjocht er by it asfaltearjen fan de nije dyk tusken Grou en Ljouwert. En Chris Waalen fan Natuurmuseum Fryslân fertelt hoe't er it skelet fan in earder oanspielde potfisk yn elkoar set.

Skriuwers yn byld: De debutanten

Skriuwers yn byld: De debutanten

01 July 1990

Trije jonge Fryske skriuwers komme oan it wurd: Jetske Bilker debutearret mei Imitaasjelear, Margryt Poortstra hat it skriuwen nei 15 jier wer oppakt en Tjitze de Jong is dwaande mei syn boek 32 doarren dat noch ferskine moat. Min oftemear tafallich wenje de skriuwers allegear bûten Fryslân.