Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: technyk 3

Linkk Ekstra: technyk 3

30 Maaie 2003

Yn dizze tredde ôflevering fan de searje giet Jildou de Vries yn op allerhanne soarten fan kommunikaasje. Ek dêr komt in soad technyk by sjen. Se sjocht ûnder oare by Batavus op It Hearrenfean, lânboumasinefabryk Miedema yn Winsum en by de satelliten yn Boerum. Learlingen fan it Liudger yn Drachten meitsje in opdracht foar technyk

Tritigers 0105: Skiede

Tritigers 0105: Skiede

03 Desimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it fyfde diel giet it oer út inoar gean. En yn de reportaazje komme twa fans fan de Ierske band U2 oan it wurd.

Sjoch Mar: Concours Hippique

Sjoch Mar: Concours Hippique

21 July 1997

Hynsteleafhawwer Arjen de Boer wie dit wykein yn Koarnwert, by it lytste concours hippique fan Fryslân.