Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

It Wetter Op 11: Doede Veeman

It Wetter Op 11: Doede Veeman

25 Augustus 1999

Ferslachjouwer Afke Meekma en kameraman Dirk Hofstede binne op de Burgumermar yn in boatsje mei sjonger Doede Veeman. Hy hat jierren lyn in protestliet makke tsjin de komst fan de elektrisiteitssintrale oan de mar. Dy is nettsjinsteande fûle protesten yn 1974 yn gebrûk nommen. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

Fryslân Dwerstroch 0206: Troch de Stellingwerven

Fryslân Dwerstroch 0206: Troch de Stellingwerven

26 Maaie 1998

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel seis fan de twadde searje is se yn de Stellingwerven. Se is by de rivier de Tsjonger, dy't tsjinnet as skieding tusken Fryslân en de Stellingwerven. De rivier is kanalisearje, rjocht makke, en der binne slûzen om't der ferfal yn it ferrin sit. Se sjocht yn Wolvegea dêr't in ferhaal oer Peter Stuyvesant yn it Stellingwerfsk ferteld wurdt, yn Aldeberkeap fertelt se oer de Geitefok.

Rondo Musica 4: Slachwurk

Rondo Musica 4: Slachwurk

23 Jannewaris 2001

Yn Rondo Musica, in programma fan skoaltelefyzje, fertelt Tamara Schoppert oer muzyk. Yn diel fjouwer komme allerhanne slachwurkynstruminten foarby lykas marimba, bongo, djembé en pauk. Arjen Oosterhout leit de wurking út en fertelt oer de skiednis fan de trommel. Ek sjogge we by Van der Glas op It Hearrenfean dêr't houten trommels makke wurde.