Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV

Enerzjy yn wyn

28 Septimber 2003

Foar- en tsjinstanners fan wynmûnen komme oan it wurd. Tsjinstanners ha noed oer de oantaasting fan it lânskip en de oerlêst, foarstanners wolle skjinne enerzjy en it smyt wat op. Yn Sibrandahûs is mei sukses fûl protestearre tsjin ferskate plannen, mar de relaasje mei de buorlju waard net better. Yn Boazum hat in boer ien mûne pleatst, de buorlju goed 200 meter fierderop ha oerlêst. Ek in heechlearaar komt oan it wurd, krekt as de polityk en de projektûntwikkeler.

LTV_SPITKEET_SERRE_WENNINGWET_1_120502_WR2

Fan spitkeet oant serre (diel 1)

12 Maaie 2002

Twalûk oer de wenningbou troch de jierren hinne. Yn 1902 waard de Woningwet oannaam, foar dy tiid wennen minsken yn de stêd yn minne omstannichheden yn ienkeamerwenten. Yn Fryslân wenne 58 prosint sa om 1900 hinne. We sjogge in hiel soad argyfmateriaal mar ek by huzen dy't doe boud binne lykas Eigen Brood Bovenal yn Ljouwert, huzen dêr waarden boud op inisjatyf fan tsjerke. Bûten it sintrum (grêften) waard de Yndyske buert boud yn 1906 mei arbeidershúskes. Yn Frjentsjer stiet de earste 'woningwetwoning' út 1905.

It Wetter Op 4: Suderseemuseum

It Wetter Op 4: Suderseemuseum

22 July 1999

Ferslachjouwer Albert Jensma en kameraman Gerko Jonker binne yn it Suderseemuseum yn Enkhuzen, dêr is in doarp neiboud út earder tiden mei huzen, winkels en in skoalle. Albert sjocht by it rikjen fan fisk en giet wer werom mei de farferbining oer de Iselmar nei Starum. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.