Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0307

ABD-sjoo 0307

23 Febrewaris 2004

Yn de sande ôflevering fan it tredde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen De Stelling út Makkingea en De Tjongeling út Aldeberkeap it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by it byld fan Bonifatius yn Dokkum dêr't Peter Vermaat oer syn libben fertelt, by de balletskoalle fan Annet Winkelman op De Lemmer en by grimeur Arjen Tuiten fan Haskerdiken. Te gast is Richard Mastenbroek mei in kameleon. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

LTV_By-Dokkum-om_Op-paad-mei-Miranda-van-Kralingen_WR

By Dokkum om: op paad mei Miranda van Kralingen

11 Desimber 2007

Portret fan operasjongeres Miranda van Kralingen. Se wennet sûnt fiif jier yn Ingwierrum. We binne mei har op paad troch de Noardeasthoeke fan Fryslân en komme yn Peazens-Moddergat, Hegebeintum, Ljussens en it Lauwersmargebiet. Underwilens fertelt se oer de leafde foar muzyk, har karriêre en de rêst fan it plattelân. Yn Moddergat besiket se it Museum 't Fiskershúske en yn de tsjerke fan Hegebeintum besjocht se de roubuorden en sjongt se Fryske lieten en yn it kafee yn Ljussens is se te hearren yn in duet mei sjonger en dichter Gerrit Breteler.

It Wetter Op 7: Heech en Wâldsein

It Wetter Op 7: Heech en Wâldsein

28 July 1999

Ferslachjouwer Gerrit Hofstra en kameraman Thomas Overal binne mei Wieger en Ciska yn Heech dêr't se les krije yn in Valk. Dêrnei farre se yn in sloep nei Wâldsein dêr't se in Ingelske toerist treffe. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.