Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tritigers 0107: Lifestyle

Tritigers 0107: Lifestyle

17 Desimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it sande diel giet it oer lifestyle. Joost Hagen en Jan Vincent Zantinge fertelle wêrom't se in binnenhûsarsjitekt yn de earm nommen ha. Yn de reportaazje komt Henk Koops oan it wurd.

Wyn op Woansdei: Frijheidswyk

Wyn op Woansdei: Frijheidswyk

29 Oktober 2003

Programmamakker Annet Huisman freget har ôf hoe't de minsken fan de Frijheidswyk sels har buert belibje. De Ljouwerter wyk is de lêste tiid tige negatyf yn it nijs. In sjitpartij by it winkelsintrum, in stekpartij yn supermerk mei in skroevedraaier. De eigener fan dizze winkel slút letter de saak. Se praat mei in hiel soad bewenners. De wyk is 'stedsfernijingsgebiet': yn de kommende jierren wurdt de buert flink fernijd of renovearre. Sokke prosessen geane altyd traach en it gefaar driget dat yn dy tuskentiid de problemen earder grutter as lytser wurde.

Sybe Satellyt 0301

Sybe Satellyt 0301

15 Septimber 1992

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht op in skoalle yn Drachten dêr't learlingen timmerje en mitselje. Ek sjocht er yn spikerdoarp yn Drachten en leart er hoe't lânbouplestik opnij brûkt wurdt om peallen fan te meitsjen by Lankhorst yn Snits. En sjocht er yn Koudum dêr't bern keunst makke ha fan ôffal.