Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Koopmans Moalfabryk

Wurktiid TV: Koopmans Moalfabryk

15 Maaie 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it moalfabryk fan Koopmans yn Ljouwert. It bedriuw begûn 150 jier lyn mei ien mûne. No wurkje der 300 minsken. Se fermealje grûnstoffen lykas weet ta moal foar ûnder oare pankoekmiks.

Om Utens: Pauline Krikke

Om Utens: Pauline Krikke

26 Maart 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Pauline Krikke út Snits. Se hat Fryslân ynwiksele foar Amsterdam dêr’t se wethâlder wie.

De chip haldt gjin skoft diel 4

De chip hâldt gjin skoft (diel 4)

10 Novimber 1988

'De chip hâldt gjin skoft' is in rige fan fjouwer útstjoerings oer automatisearring yn Fryslân. Yn de fjirde ôflevering kinne jo sjen nei de gefolgen fan automatisearring op de sûnens, privacy en wurk fan minsken.