Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180705_SADWAANDE_OER_IT_PROVINSJEHUS_24_02_1999.mp4

Sadwaande: Provinsjehûs

24 Febrewaris 1999

Dizze Sadwaande giet oer it provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. We krije in rûnlieding, ûnder oare by de argiven en de eardere atoomkelder del en leare wat it wurk fan in keamerbewarder en kabinetssjef ynhâldt. Kommissaris Ed Nijpels komt oan it wurd en Ljouwert-kenner Hendrik ten Hoeve giet yn op de skiednis fan it gebou.

Wurktiid TV: Berne-opfang en wenje op maat foar âlderein

Wurktiid TV: Berne-opfang en wenje op maat foar âlderein

28 Desimber 1994

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer berne-opfang Ikke Pikke Porretje yn it sintrum fan Ljouwert. De opfang kostet 5 gûne yn it oere, âlden kinne dan winkelje. Inisjatyfnimster Simone van Beek fertelt deroer.

En der is in ôflevering oer wenje yn Fryslân: soarch op maat. P.E.M. Theelen, yndikaasjedokter, G. Hansma, soarchbemiddeler, S. Kuiper fan thússoarch de Friese Wouden en J.K. Bruins, húsdokter fertelle wat se dogge om âlde minsken sa lang mooglik thús wenje te litten.

LTV_Op-e-romte_In-moeting-tusken-Gaasterlanse-en-Marokkaanse-jongerein_WR

Op 'e romte, in moeting tusken Gaasterlânse en Marokkaanse jongeren

18 Maaie 2008

Nei in tal ynsidinten yn de Súdwesthoeke dy't te krijen hiene mei alkohol en rasisme organisearre jongereinwurker Sandra Ordelman yn 2008 in útwikselingsprojekt tusken in groep jongeren út Aldegea (W.) en Marokkaanse jongeren út Utrecht. Omrop Fryslân wie by dy bysûndere moeting.