Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV: Los fan de tradysje, diel 2: Klaas Koopmans

LTV: Los fan de tradysje, diel 2: Klaas Koopmans

19 Maaie 1991

Portret fan Klaas Koopmans (1920-2006), ekspresjonistysk skilder. It leauwe spile in grutte rol yn syn libben. Hy fertelt oer syn wurk en we sjogge him oan it wurk.

SADWAANDE_040401_EKOLOGYSKGRIEN_1

Sadwaande: Ekologysk grien

04 April 2001

Dizze Sadwaande giet oer ekologysk grien. We sjogge op de ekopleats Hamstermieden yn Droegeham dêr't it gebou duorsum is, stroom opwekt en wetter suvere wurdt. Se ha ek kursisten en dy sliepe yn keammerkes boud yn de stâl. We sjogge ek yn Ferwert dêr't ien in tún fan trije bunder hat mei tal fan fruitbeammen en in túnûntwerper leit út hoe't je tún ekologysk meitsje kinne en lit syn eigen tún sjen. Prinses op learzens wit eins net wat mei ekologysk grien bedoeld wurdt.

LTV_GERRIT_DE_WILDE_050904_WR

Technyk & gefoel: portret fan byldzjend keunstner Gerrit de Wilde

05 Septimber 2004

Gerrit de Wilde komt fan Beverwijk mar wennet al jierren yn Makkum. Hy makket in ferskaat oan keunst en skriuwt ek. Hy hat gjin boadskip, mar kwetsberheid en agresje komme geregeld werom yn syn wurk. We sjogge him oan it wurk yn syn atelier, by syn selsboude motor en syn wurken. Hy fertelt oer syn libben en ynspiraasje, syn leafde foar de see en kikkerts.