Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Wettertoerisme

Wurktiid TV: Wettertoerisme

13 Septimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering sjogge we by boatsjeferhierders yn Heech. De gemeente hat toeristebelesting ynfierd en de ferhierders binne benaud dat de toeristen net langer yn de haven lizze wolle om't de kosten heger wurden binne. Ek ha se noed oer konkurrinsje fan East-Dútslân. J. Oost (Foekema Watersportbedrijf), W. Wempe (Loko-boargemaster Wymbritseradiel), Kees Alberts (Ottenhome Watersport), Kees Brandenhorst (De Horse) fertelle deroer.

De Nije Moanne: It ôffalmiljeu

De Nije Moanne: It ôffalmiljeu

04 Novimber 1990

It giet oer ôffal. Der komt hieltyd mear ôffal en wat moatte we dermei. Ferskate kanten wurde beljochte. Boer Wout van Vulpen wennet flakby it stoart Weperpolder, dy is no ticht mar der soe mear ôffal by moatte. Hy is der op tsjin fanwege de oerlêst. Yn Elslo wurket Jan Brandsma op biologyske wize, hast alles brûkt er wer. Miljeu-ekonoom Doede Wiersma komt oan it wurd en Jos Paques fan biotechnologysk bedriuw Paques yn Balk fertelt wat se dêr dogge om oplossingen te betinken foar ôffal.

It Wetter Op 3: Starum-Enkhuzen

It Wetter Op 3: Starum-Enkhuzen

21 July 1999

Ferslachjouwer Albert Jensma en kameraman Gerko Jonker meitsje mei de boat de oerstek fan Starum nei Enkhuzen en prate mei ferskate passazjiers, steward Henk van Dokkum en kapitein Martin Kranendonk. Jierliks set de boat sa'n 140.000 minsken en 60.000 fytsen oer. De earste farferbining wie yn 1886. Op it hichtepunt makken 400.000 minsken yn it jier gebrûk fan de ferbining oer de Iselmar. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.