Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

PETEAR_RENSEWESTRA

It Petear: Rense Westra

20 Desimber 1994

Bouke Oldenhof praat mei akteur Rense Westra.

LTV_Jou-Le-Roy-de-tiid_doku_WR

Jou Le Roy de Tiid

18 Desimber 2005

Portret fan keunstner-filosoof Louis le Roy (berne yn 1924 yn Amsterdam) dy't as tekenlearaar op It Hearrenfean wurke. Syn revolúsjonêre ideeën oer grienfoarsjenningen yn de stêd soarge yn de 60-er jierren foar de bynamme 'de doarpsgek fan Mildaam'. Syn motto is: de minske is de natuer. Syn park opboud mei pún en stiennen oan de Kennedyleane op It Hearrenfean wurdt opknapt. Syn fyzje is dat kultuer en natuer gearwurkje, te sjen yn syn Ekokatedraal yn Mildaam. Syn fyzje hat oer de hiele wrâld folgelingen.

De chip haldt gjin skoft diel 2

De chip hâldt gjin skoft (diel 2)

13 Oktober 1988

'De chip hâldt gjin skoft' is in rige fan fjouwer útstjoerings oer automatisearring yn Fryslân.Yn de twadde ôflevering kinne jo sjen nei hoe’t it midden- en lytsbedriuw kompjûters brûke.