Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV-Underduke-yn-it-Lege-Midden_WR

Underdûke yn it Lege Midden

09 April 2006

Hans de Haas kaam as jonge yn 1944 mei syn heit Roelof Horreüs de Haas (biologylearaar) as ûnderdûker nei de pleats Heach Hiem yn de Alde Feanen, by de famylje De Boer. Heit lei fan alles fêst (yn tekst en byld) oer dy perioade, fan oerstreamingen oant reedriden. Soan Hans fertelt deroer en lit fan alles sjen. Der is in tentoanstelling yn it Fersetsmuseum en ek giet er werom nei de pleats.

LTV_Frysk-Festival-2_Frjemde-piken-op-Vijversburg_WR

Frysk Festival 2: Frjemde piken op Vijversburg

14 Septimber 2008

Twadde diel fan in rige fan 3 dokumintêres oer it Frysk Festival fan 2008. Dit diel giet oer de byldetentoanstelling yn it park Vijversburg by Tytsjerk, mei ûnder mear de 4 meter hege drol fan Wim T. Schippers. 14 keunstners út binnen- en bûtenlân eksposearen yn de Bosk fan Ypeij. It tema is de tiid.

Wurktiid TV: Produkten fan it Waad

Wurktiid TV: Produkten fan it Waad

08 Maaie 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer ferskate produkten fan it Waad. In nije stichting promoatet dúnbei- en cranberrywyn en boeretsiis. We sjogge by de tsiismakker en de wynmakker, by de boer dy't molke leveret en by de cranberrypluk.