Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

WYTMARSUM_FR_WR2

Twa jonges fan Wytmarsum

24 Febrewaris 2002

Doekle Terpstra, foarsitter fan fakbûn CNV, en Hans de Boer, foarsitter fan MKB Nederland, kenne mekoar fan Wytmarsum. Se wiene buorjonges. No binne se werom, rinne troch it doarp en sjogge yn de tsjerke. Yn de kroech fertelle se oer har jeugd en wurk fan no. Persoanlik kinne se it goed fine, mar ynhâldlik ha se in oare opfetting oer de ynrjochting fan de maatskippij. Ek prate se oer de sjarme (en de foardielen) fan in doarp.

7de klasse A 14: Lions 66 - Tsjummearum

7de klasse A 14: Lions 66 - Tsjummearum

10 Maart 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike: Lions 66 (Ljouwert) - Tsjummearum 0-7. Beide ploegen ha in hiel soad blessueres.

Sjoch Mar: Jeu de boules

Sjoch Mar: Jeu de boules

29 Septimber 1997

Arjen de Boer sjocht by it spultsje jeu de boules. Yn Ljouwert is in toernoai mei ynternasjonale dielnimmers.