Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Oerol 1998

Spegels: Oerol 1998

26 Juny 1998

Douwe Heeringa is op Skylge, by it Oerolfestival. Hy sjocht allerhanne acts op strjitte. Ek komme foarstellingen op ferskate lokaasjes foarby fan: Les Arts Sauts, Dogtroep, Derevo, Suver Nuver, De Muzen, Wonderbaar, Stichting Papa en Rauw.

Sjoch mar: Beachfollybal

Sjoch mar: Beachfollybal

22 Juny 1998

Mei 300 kúb sân en tsientallen follyballers op de winkelbûlevaar fan Drachten koe it beachfollybaltoernoai begjinne. En dat koe Arjen de Boer fansels net misse.

CAMPING_7_WR

In dei op de camping 7: De Vlegel yn Sânhuzen

03 Septimber 1997

Sfearympresje fan de camping en de gasten. De Vlegel is de iennige camping foar homoseksuele manlju yn Europa. De gasten komme oeral wei, net folle út Fryslân.