Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 2

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 2

08 April 2005

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel twa fan in searje oer wurk. Hoe komst oan in baan en watfoar oplieding hast dêr foar nedich? Jildou de Vries praat deroer en se sjocht ek by it wurk oan de âlde pleats yn Aldlemmer dêr't in tal VMBO-learlingen de boel opknappe om der in wen- en soarchkompleks foar handikapte minsken fan te meitsjen. Ek sjogge we wer by Biddle, in bedriuw yn klimaatapparatuer yn Koatstertille, dêr't wurknimmers oer it wurk fertelle dat se dogge en dat se soms ek op 'e nij nei skoalle moasten om by te learen.

LTV_Frysk-Festival-1_flamingen-en-friezen_WR

Frysk Festival 1: Flamingen en Friezen

07 Septimber 2008

Yn it earste diel fan de rige oer it Frysk Festival fan 2008 giet it oer de gearwurking mei Flamingen, bygelyks yn de opera Platée en de teaterproduksje Twee Oude Vrouwtjes. Ek hearre we Francis van Broekhuizen sjongen yn de produksje fan Opera Spangea; Donna Giovanna.

LTV_FRYSKE_SUVELKOOPERAASJES_210500_WR

Fryske suvelkoöperaasjes: no sil de bûter jild jilde

21 Maaie 2000

Hie Fryslân earder 150 suvelfabriken, de earste wie yn 1879 yn Feanwâlden, no binne der noch twa grutte suvelkonserns, wêrfan Friesland Coberco Dairy Foods mei 16.000 boeren as oandielhâlder. Yn de rin fan de tiid moasten tal fan suvelfabriken slute en kamen skaalfergrutting en fúzjes op. Eardere direkteuren, melkfeehâlders en wurknimmers fertelle oer de skiednis en de feroaringen. Ek is in soad argyfbyld te sjen.