Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: Do makkest teater 2

Linkk Ekstra: Do makkest teater 2

17 Jannewaris 2003

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer teater. Yn diel 2 sjocht Jildou de Vries by it wurk achter de skermen by in foarstelling of optreden. Dizze kear giet it oer lûd. Se sjocht by de opbou en tariedingen fan de Fryske Stjerrejûn. Elk muzykynstrumint krijt in eigen mikrofoan en al dy opnames komme allegear by elkoar yn in mingpaniel. De lûdstechnikus makket der in miks fan sadat elkenien yn de seal it goed hearre kin. Ek sjocht se by learlingen fan Popmedia en by it wurk fan Linze Valk.

Spegels: The Making of Kening Lear

Spegels: The Making of Kening Lear

22 Maaie 2003

Fan desimber 2000 oant in wike foar de premjêre folge Omrop Fryslân de ûntwikkelingen om it teaterspektakel Ik, Kening Lear hinne. Fan de earste besprekkings en repetysjes ôf yn it Tryatergebou oant de úteinlike earste foarstelling yn it hynstesintrum yn Drachten. Yn dizze making-of, makke troch Fred Geerling, wurdt sjen litten hoe't artistyk lieder Jos Thie syn eigen ôfskiedsfoarstelling foarmjout.

Fan fan: Dennis de Nooijer

Fan fan: Dennis de Nooijer

15 Febrewaris 1999

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Dennis de Nooijer it himd fan it liif frege troch Stefan Brouwer en Schelte de Wolf (10 jier). Dizze fuotballer by SC Hearrenfean is hiel populêr by de fans. Se moetsje him by de fysio, want hy is blessearre.