Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0302

ABD-sjoo 0302

07 Oktober 2003

Yn dizze ABD-sjoo de skoallen de Streek út Tsjalbert en d'Aldewei út Gersleat. Fierder omtinken foar judo, wurchslangen en streetdance.

Sybe Satellyt 0703

Sybe Satellyt 0703

08 Novimber 1996

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sake Roodbergen fertelt oer siedsjes fan ûnder oare reuzebalsemyn, wylde roas en de esk. Fierder praat er mei muzikante Corinne Staal. Se is blyn en hat help fan in hûn dy't spesjaal oplaat is om te helpen. Monique de Jong leit út hoe't sokke hûnen traind wurde.

Rondo Musica 3: Toetsen

Rondo Musica 3: Toetsen

05 Desimber 2000

Yn Rondo Musica, in programma fan skoaltelefyzje, fertelt Tamara Schoppert oer muzyk. Yn diel trije giet it oer allerhanne toetsen. Tamara praat mei Silke van der Bijl dy't pianoles krijt en mei Peter van der Zwaag, hy is muzikant. Hy leit út hoe't de piano wurket. Fierder sjogge we de wurking fan in kariljon en in klavesimbel.