Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0604

Sybe Satellyt 0604

12 Desimber 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by de priisútrikking fan de kleurtekenwedstriid oer mûlefersoarging en praat mei toskjuf Mirjam Onderdelinden.Se jout foarljochting yn de bus. Ek sjocht er op It Amelân dêr't it Sunneklaasfeest is. Hy praat mei bern fan de Kardinaal de Jongskoalle. Jan van der Wal fertelt oer de skiednis oer skipfeart fan It Amelân.

180706_SADWAANDE_OER_DE_KO_14_04_1999.mp4

Sadwaande: De ko

14 April 1999

Dizze Sadwaande giet oer de ko. We sjogge by in boerinne dy't sa gek mei kij is dat se in museum hat mei allerhanne saken fan de ko. Dierefreon Karin de Mik fertelt oer har leafde foar de ko. Fierder prate we mei in boer, slachter en winkelman dy't artikels mei koweprint ferkeapet om't dat in raazje is. En we leare hoe't je melke moatte, earst mar ris sitte op in echte tuolle.

Wâldrock 2003

Wâldrock 2003

21 Juny 2003

Wâldrock wurdt takom jier mooglik grutter. Dit jier binne der foar it earst 12.000 metalfans yn Burgum. Dat is eins it maksimum. Kwa ferkear jout it in soad drokte. Mar op it fjild soe noch wol romte wêze foar mear besikers, tinkt de organisaasje. Grutte topper dit jier is de band Iron Maiden. As de kassa iepengiet, streamt it fjild daliks al fol. Der is gjin kaart mear te besetten, it metalfestival Wâldrock is útferkocht. It is tradysje dat in Fryske band it festival iepenet. Dit jier is de eare oan Devoted to Hate fan Snits. Foar Wâldrockbegrippen is it dan al aardich drok foaroan.