Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0305

Sybe Satellyt 0305

19 Jannewaris 1993

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe giet werom yn de tiid nei it jier 700, de tiid fan Kening Redbad. Fierder sjocht er by it akwadukt yn it PM-kanaal by Grou, dat krekt klear is. En Sint Piter ferskynt. Der is in ferske oer moade en Sake Roodbergen sjocht oft er iis yn de feart leit.

LTV_Friese-Bries-New-Wave-yn-it-Heitelan_WR

Friese Bries - New Wave yn it heitelân

06 Maaie 2007

Under ynfloed fan de muzykstreamingen new wave en punk makke in nije generaasje Fryske muzikanten yn de jierren '80 lanlik opgong. En mei in protte sukses. Al gau wie der in protte oandacht foar de eigensinnige lûden út Fryslân en waard Fryslân foar it earst op 'e kaart set. Mei muzikanten en minsken út de muzykyndustry sjogge we werom op de rûzige en fernijende perioade yn de Fryske popskiednis.

Wyn op woansdei: Scouting

Wyn op woansdei: Scouting

13 Novimber 2002

Annet Huisman dûkt yn de wrâld dy't scouting hjit. Scouting (foarhinne de paadfinerij) is in wrâld fol koades, tradysjes en noarmen. Tink mar ris oan de unifoarmen, it iepenjen mei de flagge en de belofte dy't scouts ôflizze moatte. Noarmen en wearden stean op 't heden folop yn de aktualiteit. Dat smyt de folgjende fraach op: is scouting HOT?