Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Wettertoerisme

Wurktiid TV: Wettertoerisme

13 Septimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering sjogge we by boatsjeferhierders yn Heech. De gemeente hat toeristebelesting ynfierd en de ferhierders binne benaud dat de toeristen net langer yn de haven lizze wolle om't de kosten heger wurden binne. Ek ha se noed oer konkurrinsje fan East-Dútslân. J. Oost (Foekema Watersportbedrijf), W. Wempe (Loko-boargemaster Wymbritseradiel), Kees Alberts (Ottenhome Watersport), Kees Brandenhorst (De Horse) fertelle deroer.

LTV_JOHAN_VEENSTRA_070304_WR

Naozoemerlaand, portret fan skriuwer Johan Veenstra

07 Maart 2004

Johan Veenstra skriuwt yn syn memmetaal, it Stellingwarfs. Dêr fertelt er oer en we sjogge him op paad as ferhaleferteller, by de Fryske Krite yn Amersfoort. Jierren hie er de kollum 'Stikelstokkies' en dy sprekt er yn foar in cd. We sjogge by syn âlderlik hûs yn Nijeholtpea en hy fertelt oer syn wurk en libben en de noed oer it ferdwinen fan syn taal. Keramist Peter Hiemstra hat kontakt mei de skriuwer om't er it Stellingwarfs ek yn syn wurk brûke wol.

It Wetter Op 8: Sleat

It Wetter Op 8: Sleat

29 July 1999

Ferslachjouwer Gerrit Hofstra en kameraman Thomas Overal farre op de Sleattemermar yn de sloep fan Piet Hoogeveen. Yn Sleat prate se mei brêgewipper Hendrik Spoelstra, fakânsjegonger Aleida Samplonius dy't in sleepboat hat, in Dútske toerist en famkes dy't mei scouting troch Fryslân farre. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.