Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Slachtemaraton De Opmaat

Slachtemaraton De Opmaat

04 Juny 2000

Tarieding op de earste Slachtemaraton.

It Wetter Op 3: Starum-Enkhuzen

It Wetter Op 3: Starum-Enkhuzen

21 July 1999

Ferslachjouwer Albert Jensma en kameraman Gerko Jonker meitsje mei de boat de oerstek fan Starum nei Enkhuzen en prate mei ferskate passazjiers, steward Henk van Dokkum en kapitein Martin Kranendonk. Jierliks set de boat sa'n 140.000 minsken en 60.000 fytsen oer. De earste farferbining wie yn 1886. Op it hichtepunt makken 400.000 minsken yn it jier gebrûk fan de ferbining oer de Iselmar. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

LTV_4_KOMPONISTEN_191195_WR

Fjouwer komponisten

19 Novimber 1995

Yn dit programma sjogge we by it wurk fan fjouwer komponisten dy't in stik skreaun hawwe foar it ynternasjonale muzykfestival yn Ljouwert. Jan de Haan, Daan Manneke, Otto Ketting en Wim van Ligtenberg fertelle oer har wurk en we sjogge by de repetysjes fan de orkesten en koaren dy't de komposysje útfiere sille.