Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch mar: Survival

Sjoch mar: Survival

29 Juny 1998

Se tille beamstammen, rinne mei autobannen en klimme yn touwen: de survivallers fan de Griene Stjêr traine alle wiken. Arjen de Boer docht ek in kear mei.

Sybe Satellyt 0607

Sybe Satellyt 0607

12 Maart 1996

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by de Fûgelhelling yn Oerterp dêr't Douwe en Griet Miedema fûgels opfange en by
de Fûgelpits yn Eanjum mei Gaatske Wiersma. Fierder praat er mei Hindrik Sijens en Pieter Duijff fan de Fryske Akademy oer hoe't it Frysk wurdboek ta stân komt. En hy praat mei Marten Deinum dy't in museum mei skulpen, stiennen en guod út alle lannen sammelet.

LTV_MEAR_AS_GRAVE_250296_WR

Mear as grave: archeologyske fynsten

25 Febrewaris 1996

Ut de terpen fan Fryslân binne tal fan archeologyske fynsten dien en ek no wurdt noch ûndersyk dien. It giet om foarwerpen út de iere midsiuwen. Ferneamd binne de fynsten fan Winaam, lykas de fibula. Alles wat dêr fûn is, wurdt besjoen yn it Biologisch Archeologisch Instituut yn Grins. Ek sjogge we by archeologen yn it fjild en by meiwurkers fan stichting Raap, dy't besjocht hoe't archeologyske terreinen better beskerme wurde kinne. Tal fan frijwilligers sitte by it Archeologysk Wurkferbân, se binne nedich foar al it wurk.