Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_PITER_BOERSMA_250201_WR

Skriuwerslibben Piter Boersma

25 Febrewaris 2001

Piter Boersma is berne yn 1947 yn Warten yn in roomske húshâlding. Hy fertelt oer syn libben en wurk, tematyk en feroaringen yn syn skriuwen. We sjogge mei him yn Warten en yn syn hûs yn Wiuwert lêst er foar út eigen wurk. Yn 1972 rjochte er literêr tydskrift Hjir op dêr't er noch altyd redakteur fan is. Yn 1998 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn boek 'It libben sels'.

Sybe Satellyt 0601

Sybe Satellyt 0601

29 Augustus 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering fan Sybe Satellyt fertelle skûtsjeskippers Lammert en Jeen Zwaga oer skûtsjesilen, Jelmer Kuipers fan it Fryske Scheepsfaartmuseum hat it oer it skûtsjesilen fan doe en no en Sake Roodbergen jout Sybe informaasje oer pompeblêden, einekroas en botulisme.

ABD-sjoo 0302

ABD-sjoo 0302

07 Oktober 2003

Yn dizze ABD-sjoo de skoallen de Streek út Tsjalbert en d'Aldewei út Gersleat. Fierder omtinken foar judo, wurchslangen en streetdance.