Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SAMEN_OP_WEG_2_180499_WR

Samen op weg (2): De poarte en de wei

18 April 1999

Programma yn twa dielen oer it proses fan Samen op weg: de grifformearde en herfoarme gemeenten komme by inoar. We sjogge yn Dokkum dêr't it proses spilet en yn Wûns dêr't fjouwer jonge minsken belidenis dwaan sille. En yn Koudum is it proses fan mei-inoargean al in tal jierren oan de gong, wat binne sy tsjinkaam yn dat proses?

LTV_SASEACH_5_ANTON_STOELWINDER

Sa seach ik Fryslân 5: Anton Stoelwinder

20 Juny 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel fiif Anton Stoelwinder. Hy is beropsfilmer en makke benammen in soad promoasjefilms oer Fryslân, dy't yn it bûtenlân fertoand waarden. As jonkje op de legere skoalle makke er al syn earste spylfilm. De kombinaasje fan kreatyf wêzen en de technyske kant fan it filmjen sprekt him oan. Syn debút op lanlike telefyzje wie in filmke oer Boalsert foar it programma Zeskamp. Der binne ek bylden te sjen út films oer skûtsjesilen, blomkwekerijen en sûnenstsjinst foar dieren.

LTV_TIMMERMAN_TSJOENDER_171295_WR

Timmermantsjoender

17 Desimber 1995

Portret fan Piter Wilkens, Frysk trûbadoer en timmerman. We sjogge him oan it wurk yn de wurkpleats mar de muzyk nimt stadichoan hieltyd mear romte yn. Hy skriuwt Frysktalige nûmers om't er him yn syn memmetaal it bêste útdrukke kin. We sjogge him by opnamen yn de studio, by tal fan optredens, fan akoestysk yn de kroech oant op in festival mei band en sels yn Poalen. Fans komme oan it wurd, der is sels in fanclub. Earder siet er yn de band Okke Hel mei broer Sytse.