Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op woansdei: Aids yn Súd-Afrika

Wyn op woansdei: Aids yn Súd-Afrika

23 Oktober 2002

Programmamakker Evert van den Berg reizge nei Súd-Afrika foar in reportaazje oer de opfang fan bern mei Aids. Twa Friezen, Aukje en Toby Brouwer, sette harren yn foar bern mei Aids yn it bernesikehûs yn Kaapstad. Se krije jild fan 'e sinneblom-aksje fan 'e Ljouwerter Krante.

De Nije Skoalle 1: Testen

De Nije Skoalle 1: Testen

07 Jannewaris 1988

De Nije Skoalle is in rige út 1988 oer de kar fan in ferfolchoplieding nei de basisskoalle. De earste útstjoering giet oer testen. De bern fan in basisskoalle yn Snits lizze út wat sy fan toetsen fine en wat it nut dêrfan is.

LTV_SAMEN_OP_WEG_1_110499_WR

Samen op weg (1): Fan de oare kant

11 April 1999

Programma yn twa dielen oer it proses fan Samen op weg: de grifformearde en herfoarme gemeenten komme by inoar. We sjogge by de lêste tsjinst fan de grifformearde tsjerke yn Easterbierrum en by de frouljusferiening. Ek sjogge we yn Minnertsgea dêr't de herfoarmen en grifformearden mei-inoar fierder sille. In proses dat net altyd like maklik giet.