Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Portret-Jan-Tekstra_WR

De ideale noat: portret fan Jan Tekstra

08 Juny 2008

Hy krige de Musical Award foar de muzyk fan Turks Fruit, skreau hits foar Marco Borsato, wie sjonger fan popgroep De Kast, makke trije solo-albums en wie ôfrûne simmer sa drok mei fan alles en noch wat, dat hy amper tiid hie foar syn grutte passy: it silen. Jan Tekstra akteart, skriuwt, sjongt en jout les oan sawol de Popakademy as oan de jonge silerkes fan Heech.

Skriuwers yn byld diel 1: It Ald Frysk

Skriuwers yn byld diel 1: It Ald Frysk

03 Maart 1988

It Aldfrysk is de earste bekende foarm fan it Frysk en waard brûkt tusken de jierren 1100 en 1575. Yn de earste útstjoering fan 'Skriuwers yn byld' wurdt mear ynsjoch jûn yn dizze West-Germaanske taal.

De chip haldt gjin skoft diel 1

De chip hâldt gjin skoft (diel 1)

06 Oktober 1988

'De chip hâldt gjin skoft' is in rige fan fjouwer útstjoerings oer automatisearring yn Fryslân. Yn de earste ôflevering kinne jo sjen nei hoe’t kompjûters wurkje.