Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Ien-jier-Epke_portret-turner-Epke-Zonderland_WR

Ien jier Epke

15 Juny 2008

We folgje de Lemster turner yn syn tarieding op de Spelen yn Peking. We sjogge him oan it trainen op It Hearrenfean en hy fertelt oer syn sportkarriêre (mei argyfbylden fan in jonge Epke). Ek syn heit, mem, broers en suster komme oan it wurd: it is in sportive famylje. En ûnderwilens studearret er ek nochris medisinen yn Grins.

LTV_PESK_PARAAT_EN_STARTKLAAR

PESK Paraat en startklaar

12 Maart 1995

Portret - mei soad argyfbyld - fan de seesleepboat Holland fan Skylge. Trije âld-meiwurkers fertelle oer har wurk en wat se meimakke ha op see. De Holland waard yn 1941 boud, mar yn 1943 torpedearre. It is letter wer boud en kaam by tal fan kalamiteiten yn aksje. Oer dy aventoeren binne films makke en boeken skreaun. Oarspronklik begûn rederij Doeksen mei it skip as skulpesûger en letter die it tsjinst as bergingsskip. Doe't dat net mear út koe, lei Rederij Doeksen him ta op feartsjinsten nei de eilannen en de Holland gie oer nei Rykswettersteat. No driget de sloop.

De chip haldt gjin skoft diel 4

De chip hâldt gjin skoft (diel 4)

10 Novimber 1988

'De chip hâldt gjin skoft' is in rige fan fjouwer útstjoerings oer automatisearring yn Fryslân. Yn de fjirde ôflevering kinne jo sjen nei de gefolgen fan automatisearring op de sûnens, privacy en wurk fan minsken.