Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo Pilot

ABD-sjoo Pilot

24 April 2001

Yn de alderearste ôflevering fan de ABD-sjoo, de pilot, nimme de basisskoallen de boargemaster Thalenskoalle út Akkrum en de master Wielsmaskoalle út Grou it tsjin inoar op. Oan de hân fan filmfragminten moatte de bern fragen oer de Fryske taal beäntwurdzje. Yn de filmkes komme ûnder oare foarby: ielrikje by Doede Bleeker, fierljeppe by Rimmer Abma, asfalt meitsje, in jonge Sven Kramer, glêzewasker en it Noarderleech. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

Fryslân Dwerstroch 0102: Troch de bou

Fryslân Dwerstroch 0102: Troch de bou

20 Septimber 1996

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje, fan noardeast nei súdwest. Yn diel twa rint se troch de bouhoeke, dêr't troch de fruchtbere klaai gewaaksen ferboud wurde, lykas sûkerbiten en ierappels. We sjogge hoe't sûker makke wurdt út in sûkerbyt. By de tinkstien fan it eardere kleaster Klaarkamp by Rinsumageast fertelt se oer dat kleaster, se is by Burdaard, by de terp fan Hegebeintum en by de PC.

7de klasse A 12: Lions 66 - Dokkum

7de klasse A 12: Lions 66 - Dokkum

09 Desimber 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike: Lions 66 - Dokkum. De foarige kear ha se sokken fan De Monnik liend, dit kear brekt Keeper Hans Tromp syn skynbonke en de wedstryd is dêrom staakt.