Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

BOPPEDAT_070197_RepoWeromsjenKroesVenema

Kroes en Venema sjogge werom op de Alvestêdetocht

07 Jannewaris 1997

Alvestêdefoarsitter Henk Kroes en iismaster Venema sjogge werom op de Alvestêdetocht fan 1997. Dagenlang wienen se yn tou en net út de media te slaan. Beide sjogge werom; Kroes oan it moarnsbrochje mei syn frou thús yn Boazum en Venema op it iis fan de Ljouwerter Prinsetún.

Hjoed: Hûneshow 5 april 1999

Hjoed: Hûneshow 5 april 1999

05 April 1999

De hûneshow yn Ljouwert hat neat te lijen fan de negative publisiteit om agressive hûnen hinne de lêste tiid. It publyk wie op 'e nij manmachtich oanwêzich op de tradisjonele keuring yn it FEC. Wol kleie de fokkers oer it plan fan lânbouminister Apotheker foar in agressiviteitstest foar in tal hûnerassen. De fokkers fine it ûnridlik dat krekt in pear rassen derút pakt wurde.

Tritigers 0106: Skulden

Tritigers 0106: Skulden

10 Desimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it sechsde diel giet it oer skulden. Ger Jaarsma fan de Kredytbank leit út hoe't it komt dat safolle tritigers skulden ha.