Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Dunsje-op-de-fulkaan_WR

Dûnsje op de fulkaan

08 Desimber 2007

In film fan Simon Haringa oer de homoscene yn Amsterdam yn 1985 en de komst fan aids. De film toant bylden fan Keninginnedei 1985 wêrby't lykas alle jierren homo's ut it hiele lân inoar treffe yn Amsterdam om mei-inoar feest te fieren. Der wurdt lake en dronken, mar de driging fan in nije, besmetlike sykte smyt in skaad oer de dei: aids. Yn in pear jier sille tûzenen oan dy sykte ferstjerre. 22 jier letter sjogge tsien oerlibjenden werom op de dei en de tiid dêr't dûnsje yn frijheid feroare yn dûnsje op de fulkaan.

LTV_BLAUWE_STRIDERS_211202_WR

De lêste blauwe striders

21 Desimber 2003

Yn de 20ste iuw wienen in soad minsken lid fan de drankbestriding, ien fan de oarsaken fan earmoede ûnder arbeiders. De ANDO (Algemene Nederlandse Drankbestrijders Organisatie) bestiet noch altyd en jout û.o. foarljochting. We hearre wat oer de skiednis, it read-blauwe Reduzum dat mei dûmny Boers in strider tsjin drank hie. De Blauwe Tinte is dêr noch in foarbyld fan. We sjogge by Us Blau Hiem, in akkommodaasje en camping dêr't gjin alkohol skonken wurdt. Dêr wienen op Himelfeartsdei optochten dêr't ôfdielingen mei findels yn meirûnen.

It Fryske Lânskip 3: Gaasterlân

It Fryske Lânskip 3: Gaasterlân

09 Desimber 1986

Yn de tredde útstjoering fan ‘It Fryske lânskip’ hat Leny de Vries it oer it Gaasterlân. Freark Smink nimt ús mei nei de heuvels fan de súdwesthoeke fan Fryslân.