Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

OEROL_1997_WR

Reportaazjes Oerol 1997

10 Juny 1997

'Wyn' wie it tema fan Oerol 1997. Omrop Fryslân telefyzje brocht op 10 juny in reportaazje oer de tariedings en op 16 juny in item oer de rekorddrokte fan it iepeningswykein. Ek is der noch in oersjoch fan it strjitteteater op Oerol, dat útstjoerd waard op 23 juny 1997.

Spegels: NNO keamermuzyk, Mesdag en Frysk Boekebal

Spegels: NNO keamermuzyk, Mesdag en Frysk Boekebal

26 Febrewaris 1999

Yn it kultuerprogramma Spegels sjogge we by in konsert fan it NNO, keamermuzyk mei seis strikers, Douwe Heeringa sjocht by de útstalling fan skilderijen fan Mesdag yn it Fries Museum en der is in reportaazje oer it Fryske Boekebal. It geskink is Gomorra fan Benny Holtrop. Dichteres Albertina Soepboer fertelt oer har wurk en draacht foar út de bondel It Nachtlân. Durk Hibma fan It Fryske Boek fertelt dat it goed giet mei Fryske útjeften. Ek binne der optredens fan Sietse de Vries, Johan Veenstra, Piet Paulusma en Ernst Langhout.

Van Tuinen Thús by Jan Schulting

Van Tuinen Thús by Jan Schulting

12 Oktober 2015

Thús by Jan Schulting yn De Ulesprong by De Tynje, assistint-trener by Cambuur en âld-proffuotballer.