Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sadwaande: tún, faklju en mei de trein

Sadwaande: tún, faklju en mei de trein

12 Novimber 1997

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: tún, faklju en mei de trein.

LTV_AUKE_DE_VRIES

Auke de Vries: byldzjend keunstner

06 Novimber 1994

Portret fan byldzjend keunstner Auke de Vries. Hy is yn 1937 yn Burgum berne. Syn wurk is 'poëzy yn de romte'. Hy makke wurk foar by de Maas yn Rotterdam, de Twadde Keamer yn Den Haag, mar syn wurk is ek yn Dútslân en Spanje te finen. Hy fertelt oer syn ynspiraasje en wurkwize.

Sjoch Mar: Survival

Sjoch Mar: Survival

30 Juny 1997

Arjen de Boer sjocht by de survivalrun yn Starum. Dielnimmers moatte 16 ferskate ûnderdielen by del, fan bôgesjitten oant muorreklimmen en troch in modderbad swimme. Ien fan de dielnimmers is Doede Bleeker.