Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_040401_EKOLOGYSKGRIEN_1

Sadwaande: Ekologysk grien

04 April 2001

Dizze Sadwaande giet oer ekologysk grien. We sjogge op de ekopleats Hamstermieden yn Droegeham dêr't it gebou duorsum is, stroom opwekt en wetter suvere wurdt. Se ha ek kursisten en dy sliepe yn keammerkes boud yn de stâl. We sjogge ek yn Ferwert dêr't ien in tún fan trije bunder hat mei tal fan fruitbeammen en in túnûntwerper leit út hoe't je tún ekologysk meitsje kinne en lit syn eigen tún sjen. Prinses op learzens wit eins net wat mei ekologysk grien bedoeld wurdt.

Under Fjoer 0107 Syb van der Ploeg

Under Fjoer 0107 Syb van der Ploeg

23 April 2003

Yn dizze Under Fjoer wurdt sjonger Syb van der Ploeg, bekend fan De Kast, ûnderfrege troch seis jongeren.

SIMMER2000_SKETSJ_REGELSMA_040700_WR

Simmer 2000: Sketsj Regelsma

04 July 2000

Simmer 2000 is in tiid fan wersjen mei famylje en âlde kunde. Rients Gratama spilet Lútzen Regelsma, in man dy't mei strakke hân regelet dat alle emigranten meidogge oan alles wat der allegear organiseard is.