Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: godstsjinst 1

Linkk Ekstra: godstsjinst 1

23 Jannewaris 2001

Yn dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet it oer it joadedom. Jildou Hoitsma leit út wat it Joadske leauwe ynhâldt en fertelt oer de skiednis, mei û.o. de Joadeferfolging yn de Twadde Wrâldoarloch. Bram van Pinxteren is Joadsk en hy fertelt oer de gewoanten, lykas koosjer ite. Jacob de Leeuwe is foargonger yn de synagoge en fertelt oer it leauwe.

LTV_ALDEREINSOARCH_250404_WR

Supermerk fan wolwêzen en gelok: oer âldereinsoarch

25 April 2004

De term 'supermerk fan wolwêzen en gelok' komt fan de baas fan it nije projekt Skewiel yn de Trynwâlden. Fersoargingshûs Heemstra State yn Oentsjerk is sloopt en der is nijbou mei apparteminten kaam. Bewenners kinne dêr soarch krije mar binne 'eigener fan eigen problemen.' Dy nije oanpak hâldt yn dat sjoen wurdt wat de boarger sels noch kin en wat de soarch dêroan taheakje kin. Minsken wenje langer selsstannich en krije soarch oan hûs, troch ferskate doarpsteams en saneamde omtinkers. Ek is der in soarchstipepunt, in berne-opfang, fysio en sels in hingplak foar jeugd.

060904_CH_BOPPESLACH_WR2

Boppeslach: 25 jier Concours Hippique Droegeham

06 Septimber 2004

Yn 2004 fierde it Concours Hippique Droegeham it 25-jierrich jubileum en der waard grut utpakt. Grutte publykslûkers wiene de goudenmedaljewinners fan de Olympyske Spelen yn Athene, Leontien van Moorsel en Anky van Grunsven.