Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Under Fjoer 0308 Theo Reitsma

Under Fjoer 0308 Theo Reitsma

03 Novimber 2004

Yn de lêste Under Fjoer fan dit seizoen docht de âld-sportferslachjouwer Theo Reitsma it ferhaal oer syn ûnderfinings mei topsporters en hoe't hy dêr as sjoernalist mei omgien is. Doping, jild en etyk binne de tema's dy't him troch de jongeren oanrikt wurde.

LTV_FROULJU_STEATEBANKEN_090303_WR

Froulju yn Steatebanken

09 Maart 2003

Sân politike partijen ha froulike kandidaten op ferkiesbere plakken. Se prate mei ôfgeand Steatelid Ineke Verdoner (GrienLinks) oer it wurk, de ferhâlding man-frou, idealen en ferwachtingen. De froulju binne: Marianne van Hall (CDA), Hanny Palmen (SP), Tine Bijstra (VVD), Janny van der Molen (PvdA), Annigje Toering (FNP), Sietske Leistra (CU-SGP) en Irona Groeneveld (GrienLinks). Ek binne der portretsjes fan de froulju en fertelle se wat de stânpunten binne op it mêd fan ûnderwiis, wenjen, lânbou, ekonomy en ferfier.

180712_SADWAANDE_OER_RYDBEWIIS_02_02_2000.mp4

Sadwaande: Rydbewiis

02 Febrewaris 2000

Dizze Sadwaande giet oer it rydbewiis. We sjogge by in kandidaat dy't rydeksamen docht. En kenne fytsers en automobilisten de ferkearsregels wol? We binne by it CBR en sjogge by in rydles yn de frachtwein. En de Rijksuniversiteit Groningen is dwaande mei in proef, in blackbox moat begjinnende bestjoerders folgje. Prinses op learzens rydt op de motor.