Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Boppedat: it Alvestêdebrechje

Boppedat: it Alvestêdebrechje

02 Novimber 1999

Gerrit Hofstra praat mei Huub Mous oer it keunstwurk fan tegels dat op it Alvestêdebrechje by Gytsjerk komme moat.

LTV_Frysk-Festival-3_Lan-en-wetter_WR

Frysk Festival 3: Lân en wetter

21 Septimber 2008

Hoite en Sytze Pruiksma wurde folge by de tariedings fan har foarstellings. Yn 'Rite fan Wetter' kombinearre Hoite Pruiksma dûns, muzyk en wetter yn in teaterspektakel dat brocht waard midden op 'e Hofmar, by It Heidenskip. Sytze Pruiksma liet yn syn foarstelling 'Lân' it Fryske lânskip as in partituer sjen op grutte filmdoeken, midden yn it Hegewiersterfjild, in natuergebiet tusken Kimswert en Harns.

Wurktiid TV: Grienteboer Van der Meulen yn Ljouwert

Wurktiid TV: Grienteboer Van der Meulen yn Ljouwert

22 Jannewaris 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer grienteboer Van der Meulen yn Ljouwert. Hy docht alle war om syn bedriuw bestean te litten. Kollega Bouke de Boer is bêste kollega by kantoarmeubelbedriuw Habéé yn Snits. En op it arbeidsburo dogge fjouwer minsken in oprop foar wurk en lit Roberto Schoenmaker fan útjouwerij Multimedia yn Snits witte dat er wol tsien nije kollega's siket.