Linkk Ekstra: Geweldig Express 1

28 Septimber 2001

Yn dizze Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet it oer geweld. Jildou Hoitsma freget har ôf oft der hieltyd mear geweld yn de maatskippij is. Se praat mei learlingen oer har ûnderfiningen en mei Frans Kloosterman, hy is jeugdplysje. J.P. vd Oudehoven is sosjaal psycholooch en leit út dat geweld fuortkomt út dat minsken gjin respekt foar elkoar hawwe. Ek praat Jildou mei in jonge dy't yn elkoar slein is en help krigen hat fan in helpferliener.